Ljouwerter (87) net ombrocht

13 jan 2006 - 16:58

De 87-jierrige man dy't ôfrûne woansdei dea fûn waard yn de Beetgumerstrjitte yn Ljouwert is net stoarn oan de gefolgen fan in misdriuw. Dat hat de plysje freed bekend makke. De man waard moarnsbetiid troch in krantebesoarger dea fûn foar syn hûs.

Ut ûndersyk fan de plysje hat net bliken dien dat de man ombrocht is. De man is nei alle gedachten net goed wurden, nei bûten rûn foar help, doe fallen en letter ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)