Ljouwerter (76) rydt slingerjend oer de dyk

18 nov 2014 - 10:39

In 76-jierrige automobilist út Ljouwert is moandei op de Aldlânsdyk yn syn wenplak oanhâlden omdat hy mei drank op ried. Plysjes seagen de man slingerjend oer de dyk riden. Boppedat hie syn auto skea. It rydbewiis fan de drankrider waard ynnaam.

Der wurdt ek ûndersocht oft de man noch wol ride kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)