Ljouwerter (52) swaait mei mes

03 apr 2014 - 10:31
  • (stockfoto)

In 52-jierrige man út Ljouwert is woansdeitejûn oanholden nei't er in 49-jierrige frou út Zuthpen bedrige hie mei in mes. De man waard wegere yn in pensjon oan de Foarstreek, wêrnei't er de frou bedrige. Earder al soe de man op it Bonifatiusplein in oare frou bedrige ha doe't se de hûn útliet. Wat hjirfoar de reden wie, is noch ûnbekend.

De man is meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)