Ljouwerter (36) oanhâlden op fertinking fan ynbraak

26 aug 2015 - 10:40
  • Ynbrekker mei koefoet yn in tún

Troch opmerksumheid fan in buertbewenner hat de plysje in 36-jierrige Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan ynbraak. De buertbewenner waard yn de Harmanastins yn Ljouwert wekker fan in ûngewoan lûd. Hy seach dat de man besocht in rút iepen te brekken en belle fuortdalik 112.

Doe't de plysje kaam draafde de fertochte fuort. Hy koe oanhâlden wurde en is fêstsetten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)