Ljouwerter (32) noch fêst

12 nov 2013 - 11:18
  • Plysjejas

De 32-jierrige Ljouwerter dy't freedtemoarn yn syn wente oanholden waard op fertinking fan bedriging, wapen- en harddrugsbesit en hannel yn stellen guod, sit noch altyd fêst. De Ljouwerter bedrige op 8 novimber in 19-jierrige frou út Ljouwert mei de dea. Se die oanjefte by de plysje, dy't in ûndersyk ynstelde. By de oanhâlding fûn de plysje 500 gram kokaïne, speed en pillen. Yn it hûs fan de man trof de plysje boppedat in himpkwekerij en in soad stellen guod oan. In 24-jierrige meibewenster waard ek oanholden mar is wer frij.

Tsjin beide fertochten is proses-ferbaal opmakke. Alle drugs en stellen guod is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)