Ljouwerter (27) fermist

21 jul 2013 - 14:55
  • De fermiste Stefan Heine

De 27-jierrige Stefan Heine út Ljouwert wurdt fermist. Heine is sneon fuortgien op syn swart-grize racefyts fan it merk Koga Myata. De fermiste man is 1.85 m lang, hat blauwe eagen en in keale holle. Hy hat in pears poloshirt oan fan it merk Lacoste, in wite trijekwart broek en swarte skuon. Heine hat driuwend ferlet fan medisinen. Hy kin lilk reagearje.

Minsken dy't wat witte oer de fermiste, kinne belje mei de plysje op telefoannûmer 0800-6070.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)