Ljouwerter (26) mishannele

18 aug 2013 - 10:28

In man fan 26 út Ljouwert is sneontenacht op de Sint Jacobsstrjitte yn de stêd bestellen en mishannele troch in groepke manlju. Wat der krekt stellen is, is noch net dúdlik. De plysje trof de fertochten koart nei de mishanneling. Doe't se de plysje seagen, naaiden se hurd út, mar se koene al gau oppakt wurde. It giet om trije manlju fan 23, 28 en 34 út Grins en in man fan 25 út Een.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)