Ljouwerter (17) dea by ûngelok

23 okt 2003 - 00:00

In 17-jierrige bromfytser út Ljouwert is woansdei om it libben kaam by in ûngelok yn Gytsjerk. De jonge waard op de Trynwâldsterdyk oanriden troch in kraan. De kraanmasjinist besocht de jonge yn te heljen. Dy hie dat net yn de gaten en sloech op itselde momint ôf.

De bromfytser ferstoar op it plak fan it ûngelok. In 17-jierrich famke dat by him achterop siet, rekke licht ferwûne. De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)