Ljouwert yn parten opdield

31 mrt 2004 - 00:00

De binnenstêd fan Ljouwert wurd opdield yn trije parten. Elk diel krijt in haadaktiviteit. By stedsskouboarch De Harmonie is dat kultuer, by de Nijstêd en it Saailân is dat winkeljen en by it Provinsjehûs is dat wenjen.

It kolleezje fan B en W presintearre tiisdei de Struktuerfisy Binnenstêd ûnder de namme Us Stêd. Dy fisy moat yn grutte halen oanjaan wat wol en net kin yn in bepaald diel fan de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)