Ljouwert yn konflikt mei minister oer útkearingsboetes

08 maaie 2015 - 11:20
  • Jild

De gemeente Ljouwert is in pear ton kwyt oan it werombeteljen fan boetes fan minsken dy't ûnterjochte in útkearing krige hawwe. De measten hawwe it net mei opsetsin dien en binne gjin oplichters, seit wethâlder Ekhart.

Neffens de wet moat it tefolle ûntfongen bedrach werombetelle wurde, plus in boete fan 100%. Fanwege de protesten hat de minister de wet al wat oanpast. Gemeenten meie tenei sels útmeitsje oft se in boete oplizze. Earder opleine boetes meie net werombetelle wurde, seit minister Asscher. Ljouwert docht dat wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)