Ljouwert yn ferhâlding mear folgers op twitter as Amsterdam

19 aug 2015 - 12:39
  • Wethâlder Harry van der Molen op de sosjale media

De gemeente Ljouwert hat - yn ferhâlding ta it tal ynwenners - mear folgers op Twitter as de gemeente Amsterdam. Dat docht bliken út sifers fan online-ûndersiker Buzzcapture. Dy ha net allinnich it Twittergebrûk fan de Nederlânske gemeenten yn kaart brocht, mar ek útsocht hoefolle gemeenten op Facebook en Instagram sitte.

It blykt dat alle Fryske gemeenten op Twitter sitte, wylst allinnich Weststellingwerf op Instagram sit.

It Facebook-gebrûk fan de Fryske gemeenten is wol hiel ferskillend. De gemeente Smellingerlân is de grutste gemeente sûnder Facebook. Wurdfierder Henry Frieswijk fan Smellingerlân seit dat der oant no ta gjin ferlet fan is, mar dat se net útslute dat se it yn de takomst ek brûke sille. Wethâlder Harry van der Molen fan de gemeente Ljouwert fynt dat in gemeente net langer sûnder Facebook kin om harren ynwenners te benaderjen.

It folsleine ûndersyk stiet op de webside fan Buzzecapture.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)