Ljouwert yn de race foar 'Bêste binnenstêd 2015-2017'

04 jun 2015 - 15:46

Ljouwert is ien fan de fiif kandidaten foar de titel Bêste Binnestêd 2015-2017. Ljouwert falt dêrby yn de kategory grutte binnenstêden. Ek Dordrecht, Nijmegen, Rotterdam en Utrecht meitsje kâns op de titel. Ljouwert moat foar 1 july in bidboek ynleverje, dêr't yn stiet wêrom't de stêd it predikaat bêste binnenstêd fertsjinnet. Op grûn fan de bidboeken siket in sjuery twa kandidaten út. Yn novimber wurdt bekend wa fan dy twa de titel krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)