Ljouwert wurdt ryksstêd

01 okt 2011 - 12:33

Ljouwert wurdt ien fan de tolve stêden dêr't rykstsjinsten in kantoar ha. De belestingtsjinst, UWV, rjochtbank en it CJIB bliuwe yn de Fryske haadstêd.

It regear wol de 130 plakken yn Nederlân mei ryksgebouwen werombringe nei 12. Minister Donner wol sa besunigje op kantoarromte. Boargemaster Crone fynt de beneaming fan Ljouwert as ryksstêd in boppeslach foar Fryslân. By de rykstsjinsten yn Ljouwert wurkje sa'n twatûzen minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)