Ljouwert wol status netwurkstêd

05 feb 2003 - 00:00

De provinsje en Ljouwert hâlde it kabinet oan de ôfspraken dy't makke binne om Ljouwert te behanneljen as netwurkstêd. Se skriuwe yn in brief oan minister Kamp fan romtlike oardering dat Ljouwert oanspraak makket op miljoenesubsydzjes foar de ûntwikkeling fan nasjonale stedsnetwurken.

Ljouwert stiet net neamd yn de regeling as stêd dy't der foar yn de beneaming komt. Mar soks soe wol regele wêze yn ôfspraken mei minister Kamp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)