Ljouwert wol nije webside

10 des 2008 - 09:37
  • De besteande website is ´te yngewikkeld´, fynt Florijn

De gemeente Ljouwert lûkt tonnen út foar in nije webside. De gemeentlike side is te yngewikkeld foar de boargers om te finen wat se witte wolle. Wethâlder Florijn wol dat feroarje, want ynternet is neffens him de wichtichste boarne foar ynformaasje oer de stêd.

Wat de operaasje kostje sil, is noch net dúdlik. Der wurdt in jier útlutsen om de nije side op te bouwen en de gemeentlike organisaasje der op oan te passen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)