Ljouwert wol mear gearwurking

03 jan 2007 - 06:48

It gemeentebestjoer fan Ljouwert noeget alle ynteresearre gemeentebestjoeren út foar in petear om bettere ôfspraken mei elkoar te meitsjen dy't de sintrumfunksje fan Ljouwert fersterkje.

Yn ruil dêrfoar wol Ljouwert lytsere gemeenten stypje mei de kennis dy't it grutte amtlik apparaat fan Ljouwert yn hûs hat. Dales fersekeret dat se der net op út binne om de boel oer te nimmen by oare gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)