Ljouwert wol legale himptylt

10 apr 2013 - 12:22

De proef om sels himp te kweken en te ferkeapjen yn de coffeeshop hellet de tylt út it kriminele sirkwy. Dat seit inisjatyfnimmer Bert Andela fan De Eenhoorn yn Ljouwert. De ferkeap oan de achterdoar is dan foarby en mei goed tafersjoch fan gemeente, plysje en belestingtsjinst kin de yllegale ôfset ta in minimum beheind wurde, tinkt Andela.

De gemeente Ljouwert is foarstanner fan it inisjatyf mar minister Opstelten fan Justysje moat noch grien ljocht jaan. Smellingerlân wol ek meidwaan. De proef duorret nei alle gedachten twa jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)