Ljouwert wol keninklik houlik

04 apr 2001 - 00:00

De gemeente Ljouwert noeget prins Willem Alexander en syn ferloofde Maxima fan herte út om yn Ljouwert te trouwen. Dat skriuwt de gemeente yn in lokwinsk oan it stel.

Ljouwert soe as Nassaustêd tige geskikt wêze foar it sluten fan it houlik. De kâns is fansels lyts, mar net út te sluten. It is dan ek in serieus útstel oan it pear, neffens wethâlder Bilker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)