Ljouwert wol Holland Casino

23 sep 2004 - 17:09

Ljouwert wol in Holland Casino. Op dit stuit binne der alf fan sokke steatskasino's yn it lân, mar minister Donner wol mear fergunnings útjaan. Ljouwert wol dêr ien fan ha en hat him oanmeld by de minister. De beslissing oer hokker stêd in nij kasino krijt, wurdt yn de kommende moannen nommen.

Neffens wethâlder Van Mourik hat in kasino as foardiel dat de yllegale spylhallen hast altyd ferdwine as der in Holland Casino komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)