Ljouwert wol help by opfang

21 maaie 2003 - 00:00

Ljouwert hat op syn minst 200 dak- en thúsleazen en 400 problematyske ferslaafden oan harddrugs. Dat docht bliken út ûndersyk. De gemeente wol mei it ferskynde rapport de problemen oplosse dy't der binne mei de opfang fan ferslaafden en thúsleazen.

Neffens de ûndersikers moat der in goed registraasjesysteem komme. Ljouwert wol dat oer de hiele provinsje opfang komt foar de doelgroep. Dêr moatte alle 31 Fryske gemeenten dan oan meibetelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)