Ljouwert wol grutte arken keare

29 okt 2003 - 00:00

De gemeente Ljouwert wol te grutte wenarken keare út de binnenstêd. It gemeentebestjoer hat dêr in pakket oan foarskriften foar opsteld. Ljouwert fielt him twongen om maatregels te nimmen, om't de pleatsing fan in nije grutte wenboat yn de Eastersingel foar opskuor soarget. Omwenners steure har oan de grutte boat.

Neffens de nije regels mei in wenboat maksimaal 20 meter lang, 3 meter heech en 5 meter breed wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)