Ljouwert wol grutste festival

01 maaie 2009 - 11:07
  • Strjitfestival moat grutste wurde

It Frysk Strjitfestival yn Ljouwert moat it grutste wurde fan Nederlân. Yn trije jier moat it festival groeie nei in evenemint dêr't sa'n 100.000 minsken op ôfkomme. It budzjet is dêrom flink ferhege nei 350.000 euro.

Op it festival dat hâlden wurdt fan 28 oant en mei 31 maaie komme dit jier sa'n 50 teateracts. Ek binne der 30 muzykoptredens. Om alles goed toane te kinnen oan it publyk hat de organisaasje in maklike rûte útset troch de Ljouwerter binnenstêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)