Ljouwert wol feilich spoar

05 jun 2008 - 16:36

De gemeente Ljouwert wol op fjouwer plakken yn de stêd in spoarweioergong opheffe. De fjouwer plakken op it trajekt Ljouwert-Grins soargje neffens de gemeente foar opstoppings, lûdsoerlêst, miljeuproblemen en ûnfeilige ferkearssituaasjes.

Foaral de oergong op de Oostergowei soarget foar in soad problemen. Dy is altyd lang ticht foar it ferkear. Ljouwert freget de Twadde Keamer no mear jild beskikber te stellen foar de oanlis fan tunnels of fiadukten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)