Ljouwert wol fan it klikken ôf

26 sep 2000 - 12:47

Wethâlder Hetty Hafkamp fan Ljouwert wol ôf fan it behanneljen fan anonime tips oer minsken dy't fraudearje mei har útkearing. Neffens de wethâlder komme in soad klachten fan manlju dy't út rankune kleie oer har eks-frou.

De wethâlder sei dit op in diskusjemiddei fan it Platfoarm Utkearingsgerjochtigden Fryslân. De Twadde Keamer praat meikoarten oer it 'klikken'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)