Ljouwert wol evenemintebelied profesjonalisearje

02 des 2015 - 21:30
  • Aldehoustertsjerkhôf grôtfol mei metalleafhawwers

De gemeente Ljouwert wol de kommende jierren in profesjonalisearringsslach meitsje yn har evenemintebelied. Dit wolle se benammen dwaan mei it each op in groeiend oantal besikers oan de stêd yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. De ferwachting is dat yn oanrin nei Kulturele Haadstêd it tal besikers hieltyd fierder tanimme sil, en dat ek nei 2018 grutte groepen minsken Ljouwert besykje.

De gemeente wol ûnder oare ynvestearje yn wettertappunten en crowdcontrol op it Aldehoustertsjerkhôf en yn it Griene Stjergebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)