Ljouwert wiziget bystânskontrôle

24 apr 2001 - 00:00

Minder papierwurk foar de 4000 Ljouwerters dy't yn 'e bystân sitte. Oant no ta moasten se alle moannen in formulier ynfolje. Dat hoecht no lykwols net mear. Inkeld as der wat feroaret yn 'e situaasje moat dat meld wurde.

Mei de tiid dy't sa frijkomt, wol de Sosjale Tsjinst fraude bestride. Ferline jier is der 1,8 miljoen gûne ûnterjochte útkeard. It giet om 300 fraudegefallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)