Ljouwert wint by Terherne

16 jul 2003 - 00:00

Nijkommerskipper Epie van der Pol hat woansdei ferrassend it skûtsjesilen by Terherne wûn. It Ljouwerter skûtsje kaam al rillik gau op kop te lizzen en dat bleau de hiele wedstriid sa. Snits finisjte as twadde, mar troch in protest fan De Lemmer stiet dy klassearring noch faai. Treds waard Drachten.

Boalsert koe net starte op 'e Snitser Mar. Se hiene foar de wedstriid de mêst derôf fearn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)