Ljouwert wint saak baatbelesting

30 maaie 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert hat de earste beropssaak oer de baatbelesting wûn. Bedriuwen yn de binnenstêd makken beswier tsjin de heffing om't se fine dat se te folle lêst hân hawwe fan de werynrjochting fan it sintrum.

De ferwachting is dat de oare saken ek wûn wurde sille. Ljouwert is der bliid mei, om't de werynrjochting foar in part betelle wurdt fan de baatbelesting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)