Ljouwert-West fertutearzet

08 aug 2003 - 00:00

Bedriuweterrein Ljouwert-West is sa slim fertutearze dat it gau opknapt wurde moat. Op it terrein steane 25 bedriuwsgebouwen leech. As der net gau wat oan dien sille dat der mear wurde. De Ljouwerter VVD komt mei in foarstel.

Neffens de VVD kostet it opknappen tusken de 2 en 4 miljoen. Gemeente en bedriuwen moatte dat meiinoar betelje. De VVD wol it âlde spoar op it terrein fuorthelje litte, want dat wurdt al tsien jier net mear brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)