'Ljouwert ûnoanloklike stêd'

03 jul 2001 - 00:00

De gemeente Ljouwert is ien fan de minder oanloklike gemeenten yn Nederlân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan ynstitút Nyfer oer de fjirtich grutste stêden fan Nederlân.

Dêrby is ûnder oare sjoen nei ynkommen, berikberens, feiligens en kulturele foarsjennings. Amersfoort kaam as bêste út de bus. De minne berikberens is tige negatyf foar Ljouwert, seit it Nyfer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)