Ljouwert: ûndersyk reisgedrach

20 apr 2011 - 11:46

De gemeente Ljouwert wol dizze moanne hast 18.0000 forinzen befreegje oer harren reisgedrach. It is it grutste ûndersyk dat ea dien is nei forinzegedrach. Doel is om it spitsferkear werom te bringen.

Yn it ûndersyk giet it benammen om de fraach wat minsken wichtich fine yn it reizgjen nei harren wurk. Der wurdt ek sjoen nei wat der ferbettere wurde kin. De gemeente Ljouwert, provinsje Fryslân en Rykswettersteat betelje mei oan it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)