Ljouwert test nije riedseal

19 jan 2005 - 10:42

De gemeenterie fan Ljouwert hâldt nije wike in proefgearkomste yn de nije riedseal. Dy is boud yn de eardere hoofdwacht neist it stedhûs, it eardere ûnderkommen fan de plysje. De gearkomste wurdt hâlden om de rie wenne te litten oan syn nije fergaderplak.

It giet om in besletten gearkomste, dêr't de riedsleden leare hoe't se in better polityk debat fiere kinne. Op 2 febrewaris wurdt de earste offisjele riedsgearkomste yn de riedseal hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)