Ljouwert: tas fan frou stellen

23 nov 2009 - 11:21

In frou út Ljouwert is sneintejûn yn har wenplak yn de Frans Halsstrjitte mishannele en bestellen fan har hântas. It slachtoffer waard fan achter oanfallen en krige pepperspray yn de eagen spuite. De dieder woe de hântas fan de frou pakke, mar dy liet dit net ta. Uteinlik slagge it de dieder om de tas te pakken, neidat hy de frou in pear kear slein hie.

It slachtoffer is opheind troch buertbewenners. De tas is letter op de jûn werom fûn yn de Van Loonstrjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)