Ljouwert: Suderseespoar needsaak

29 nov 2006 - 10:42

De gemeente Ljouwert bliuwt foar de oanlis fan it Suderseespoar, de rappe ferbining tusken it Noarden en de Rânested. Dat hawwe B en W witte litten oan de aksjegroep 'Hier trekken we de lijn'. De aksjegroep wêryn't ûnder oare wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW sit, hie it kolleezje dêrom frege.

De gemeente wol in trein dy't derfoar soarget dat de reistiid Skiphol nei Ljouwert maksimaal 90 minuten wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)