Ljouwert streng op alkohol

09 sep 2010 - 21:03

De gemeente Ljouwert sil folle strenger tasjen op de ferkeap fan alkohol oan jongeren. It docht bliken dat it foar minderjierrigen hiel maklik is om oan drank te kommen, It foarstel is no om in minimumleeftiid fan 21 jier yn guon kafees yn te stellen. By eveneminten moat der mei polsbantsjes wurke wurde, sadat barpersoaniel sjen kin oft in besiker jonger as 16 jier is of net.

Sportkantines soene beheind wurde moatte yn it skinken fan alkohol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)