Ljouwert strang foar feesten

26 aug 2013 - 21:57

Der komme strangere lûdseasken foar feesten yn it part fan Boarnsterhim dat oergiet nei de gemeente Ljouwert. No binne der kwalik beheinings, mar as de weryndieling aanst in feit is mei der maksimaal 85 desibel leven makke wurde. Kontroleurs fan Ljouwert sille dêr strang tafersjoch op hâlde. It opheffen fan Boarnsterhim betsjut foar Grou fierder dat der twa kear safolle feesten hâlden wurde meie op de pleinen.

No binne dat der seis, aanst meie dat der tolve wêze.

Moandei hâlde de gemeente Ljouwert yn Grou in ynformaasjejûn oer it nije evenemintebelied. De amtners makken dêr dúdlik dat der yn goed oerlis in soad mooglik is en dat alles trochgean moat sa as it gie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)