Ljouwert stelt wykomtinkers yn

21 feb 2007 - 10:29
  • Wethâlder Bleize fan Ljouwert (foto: gemeente Ljouwert)

Fjouwer wiken yn Ljouwert krije in saneamde wykomtinker, in amtner dy't problemen yn de wyk earder sinjalearje moat sadat der ek earder wat oan dien wurde kin. It giet om in proef yn wiken as Bilgaard en it Vliet. Yn Bilgaard komt nei de grutte brân in nij winkelsintrum, it Vliet hat te krijen mei de komst fan in heroïnepost.

De gemeente seach earst benammen nei it uterlik fan de wyk, mar no is der mear omtinken foar de bewenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)