Ljouwert stelt ambysje nijbou by

17 maaie 2004 - 00:00

Ljouwert bout dit jier minder nije huzen as oarspronklik de bedoeling wie. Dat hat wethâlder Roel Sluiter moandei sein. Yn it wenplan fan de gemeente stiet dat der yn 2004 tusken de 400 en 640 nije huzen bykomme moatte. Dat is bysteld nei 400.

De stêd wol fral huzen foar studinten en âlderen bouwe. De provinsje hat begryp foar de bystelde ambysjes. Gemeenten om Ljouwert hinne meie lykwols net mear nijbouwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)