Ljouwert, Snits achter Thialf

24 maaie 2013 - 10:31
  • Thialf, It Hearrenfean

De gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Smellingerlân steane as ien man achter de plannen foar in nij Thialf op It Hearrenfean. De gemeenten sizze dat hiel Fryslân baat hat by de realisaasje fan in nij Thialf.

De plannen striele ambysje út, binne realistysk en bouwe fierder op de ûnderfining fan de meast populêre wedstrydbaan yn de wrâld. Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Smellingerlân fine it nije Thialf dé topsport- en reedrydakkommodaasje fan Nederlân. Se tidigje der op dat de KNSB de krêft fan Thialf werkenne en erkenne sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)