Ljouwert slút digitaal loket

05 sep 2011 - 11:36

De gemeente Ljouwert hat besletten it saneamde Digitaal Loket op syn webside út de loft te heljen. Dat wurdt dien fanwege de problemen mei DigiD. Koarltyn hawwe hackers ynbrutsen yn it systeem dat achter de oerheidswebside sit en dit probleem is noch net oplost.

Mei in DigiD kinne belestingoanjeftes en oanfragen foar taslaggen regele wurde. De gemeente Ljouwert brûkt DigiD ek foar oanfragen fan tsjinsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)