Ljouwert: sloop dyn eigen flat

08 apr 2011 - 07:10
  • Ien fan 'e flats yn Heechterp (foto: Omrop Fryslân)

De gemeente Ljouwert siket minsken yn Heechterp-Schieringen, dy't meihelpe wolle om in flat yn dy wyk te slopen. Wykbewenners dy't belangstelling ha, krije in oplieding, sadat se krekt witte wat se dwaan moatte. Der sit bygelyks asbest yn de flat. Je moatte kwalifisearre wêze om dêr mei om te gean.

Yn Heechterp-Schieringen binne in soad wurkleazen. De gemeente hopet har mei dit sloopprojekt te ynteressearen foar dit fak, sadat se dêr fierder yn kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)