"Ljouwert sleau mei rekkens"

17 jul 2012 - 19:13
  • CDA

De gemeente Ljouwert hat syn finansjele administraasje net op oarder. Ut ûndersyk yn opdracht fan MKB Nederlân docht bliken dat Ljouwert gemiddeld 27 persint fan syn rekkens net op 'e tiid betellet. It CDA fynt dan ek dat de finansjele administraasje sterk ferbettere wurde moat.

De partij hat dêr skriftlike fragen oer steld oan it kolleezje. De fraksje wiist der op dat de Twadde Keamer in regeling oannommen hat dat gemeenten in boete krije as se in rekken net binnen 30 dagen betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)