Ljouwert: sintrumlinks kolleezje

22 mrt 2006 - 12:35

Ljouwert krijt nei alle gedachten in kolleezje fan PvdA, PAL-Grienlinks en CDA. As dat trochgiet falt de VVD bûten de boat en komt wethâlder Tom van Mourik net werom yn it nije kolleezje. Neffens ynformateur Skelte Brouwers is in sintrum-links kolleezje de meast foar de hân lizzende kombinaasje.

De PvdA, de grutte winner by de riedsferkiezings, soe trije wethâlders krije. CDA en PAL-Grien Links krije beide ien wethâlder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)