Ljouwert sintrum himmelaksje

04 nov 2001 - 00:00

Sa'n twahûndert dûkers sille oar jier de greften fan Ljouwert 'himmelje'. De stêd is dan haadlokaasje fan de aksje Duik Holland Schoon.

De aksje is bedoeld om allegear smoargens út it wetter en fan boaiems te heljen. Sneon ha in tal dûkers de saak al even ferkend. Foar it wetterskip is de aksje oanlieding om tagelyk de Ljouwerter greften út te baggerjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)