Ljouwert set yn op jongeren

14 nov 2009 - 15:31
  • Ljouwert rjochtet him op alle jongeren

It jongereinwurk yn Ljouwert rjochtet him tenei net allinne mear op de risikojongeren, mar op alle jonge ynwenners fan de stêd. De polityk yn Ljouwert wol dat it jongereinwurk in basisfoarsjenning is. Troch ferskate potsjes by inoar te skowen, hat de gemeente aanst 1,3 miljoen euro beskikber foar it jongereinwurk.

Der wurdt al eksperimentearre mei jongereinwurkloketten op skoallen, yn wiken en oare foarmen sa as coaches foar jongeren en teenerwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)