Ljouwert set fitale âlderein yn by kulturele aktiviteiten

15 des 2015 - 08:56
  • Hânwizer foar kulturele ynstellings op it Ljouwerter Hofplein

Ljouwert is ien fan de seis stêden dy't meidocht oan it programma 'Lang leve de kunst'. Dit programma moat âlderein mear belûke by kulturele aktiviteiten. Moandei is it projekt fan start gien. Njonken Ljouwert dogge ek Amsterdam, Arnhem, Den Haag, Eindhoven en Maastricht mei. 

Troch de fergrizing komme der hieltyd mear âlderen yn de stêden en dat hoecht net allinnich mar problemen te jaan, is it idee. In grut part fan de âlderein is noch hiel fitaal en kin har dus poerbêst foar de kultuer ynsette.

Boppedat hawwe se in soad ûnderfining, dy't goed brûkt wurde kin. It programma set yn 2016 útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)