Ljouwert sammelt ruften yn

14 nov 2003 - 00:00

Ljouwert wol alle ruften yn de stêd ynsammelje en recycle. Dat is better foar it miljeu. Sa wurde per bern 6 beammen, 8000 liter wetter en 190 liter diseloalje oan enerzjy besparre.

In bern ferbrûkt yn syn jongste jierren likernôch 5000 ruften. By de seis bernedeiferbliuwen kinne it kommende healjier de ruften ynlevere wurde. Wethâlder Hafkamp fan Ljouwert joech freed it startskot troch in sek mei ruften yn in kontainer te smiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)