Ljouwert sakket yn Bizz top 100

20 aug 2003 - 00:00

Ljouwert is net oantreklik as sakestêd. Dat docht bliken út it jierlikse ûndersyk fan it sakeblêd Bizz. Yn de top 100 fan bêste sakestêden stiet Ljouwert op plak 96, ferline jier wiene se noch 45e.

It sakjen hat te krijen mei it mindere ûndernimmersklimaat en de ôfnimmende winstgroei fan bedriuwen yn de stêd. In wurdfierder fan de gemeente Ljouwert seit yn in reaksje dat it blêd him basearret op âlde sifers út 2001.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)