Ljouwert: PvdA grutste partij

05 jun 2009 - 10:11

De Partij van de Arbeid bliuwt mei ôfstân de grutste partij fan Ljouwert. De sosjaaldemokraten krigen 20,3 % fan 'e stimmen yn de haadstêd fan Fryslân. De PvdA ferlear wol, want fiif jier ferlyn stimde noch mear as ien fan de trije Ljouwerters op de PvdA (34,9 persint).

It CDA is noch hieltiten de twadde partij fan Ljouwert mei 15,8 %, in licht ferlies. GrienLinks is de tredde partij fan Ljouwert mei 12,2 %. Nijkommer PVV krige 11,2 persint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)