Ljouwert: PvdA, D66, FNP winne

13 nov 2013 - 23:30
  • De PvdA-delegaasje yn ôfwachting fan de útslach
  • De PvdA-fraksje fiert feest
  • Hilde Tjeerdema (D66) is ek út de skroeven oer de útslach
  • Britt Hendrix yn ried PvdA

De PvdA bliuwt fierwei de grutste partij yn de gemeenteried fan Ljouwert. Op basis fan de útslach fan de ferkiezings fan woansdei krijt de PvdA 12 sitten yn de nije gemeenteried, in winst fan ien sit. Listlûker Henk Deinum wie út de skroeven mei de útslach, want hy hie rekken hâlden mei in bytsje ferlies. De grutte winner yn Ljouwert is lykwols D66. De demokraten geane fan 2 nei 4 sitten. De FNP wint ek en giet fan 1 sit nei 2 sitten.

VVD en PAL/GrienLinks ferlieze yn Ljouwert en geane beide fan 5 nei 4 sitten. It CDA giet fan 5 nei 6.

De útslaggen fan de oare partijen: de Nieuwe Leeuwarder Partij hâldt 4 sitten, de ChristenUnie bliuwt ek gelyk mei 2 sitten, Feriene Lofts komt mei 1 sit yn de gemeenteried.
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)